Ynlieding
It 14de EURALEX International Congress wurdt fan 6 july oant 10 july 2010 holden yn Ljouwert. It kongres wurdt organisearre troch de Fryske Akademy.
De EURALEX-kongressen bringe profesjonele leksikografen, útjouwers, űndersikers, software-űntwikkelders, en oaren dy’t niget hawwe oan ferskillende wurdboeksoarten, byinoar. It programma bestiet út plenęre lęzings en parallelle sesjes oer de hjirűnder neamde űnderwerpen. Der binne softwaredemonstraasjes, foar it kongres wurde tutorials en spesjalisearre workshops holden, der is in aparte sesje foar studinten en work-in-progress en in boek- en softwareútstalling. Fierder binne der sosjale programma’s foar dielnimmers en har gasten.
Foar mear ynformaasje oer it űndersyk nei de leksikografy fan minder brűkte net-offisjele talen kinne jo hjir klikke: questionnaire.





